Fleanbasis ferrommet tagong
De fleanbasis yn Ljouwert hat de regels foar de tagong ferromme. Nei de oanslaggen yn Amearika mochten minsken mei in saneamde 'rekreaasjepas' der net mear yn. Dat binne bygelyks famyljeleden fan 'e meiwurkers.
De lieding fan 'e fleanbasis hat besluten dat dy minsken gewoan wer de basis op kinne. Oer oare feiligensmaatregels wol de basis neat sizze.