Super de Boer en Edah bliuwe

© Omrop Fryslân
Laurus hâldt op mei it ombouwen fan Super de Boer en Edah ta Konmar. Dat makke de ynterimdireksje tiisdei bekend. De finansjele posysje fan it konsern moat earst better wurde.
Nei it ombouwen fan Nieuwe Wemesupermerken ta de Konmarformule keldere de winst fan it konsern. Laurus wol no ek de Spar- en Basismarktwinkels kwyt om mear earmslach te krijen.