Lytse poppe skriemt: keukenbrân

© Omrop Fryslân
In ynwenster fan Nijebiltsyl (33) en har lytse poppe kamen der moandei goed foarwei by in brân. De frou wie oan it itensiden, doe't it bern begûn te skriemen. Se gie derhinne en fergeat de sjeupanne op it gasstel.
Nei in hoartsje fleach de ôfsûchkap yn 'e brân. Mei in poeierblusser begûn de frou te blussen. Letter kaam de brânwacht derby. De skea foel ta.