Beslút AZC Boarnsterhim útsteld

© Omrop Fryslân
De gemeenteried fan Boarnsterhim nimt tiisdei noch gjin beslút oer de komst fan in AZC yn de gemeente. De komst fan in asylsikerssintrum foar 250 bewenners yn Akkrum-East is foarearst útsteld troch B&W.
Omdat ferskate gemeenteriedsfraksjes it foarstel nochris beprate wolle yn kommisjeferbân, is it punt foarearst hielendal fan de aginda helle.