Mekon bout reuzetsjalk
Skipshelling Mekon op 'e Lemmer hat moandei de grutste tsjalk dy't oait yn Fryslân bouwd is, te wetter litten. De boat is makke yn opdracht fan charterskipper Peter Veldhuis en hjit 'De Toekomst'. De thúshaven wurdt it havenplak Hoorn oan 'e Iselmar.
Mekon hie yn it ferline noch finansjele problemen. Yntusken is it bedriuw wer by de wal opklaud.