Keaplju wolle feemerk oernimme

© Omrop Fryslân
De feekeaplju hawwe plannen de feemerk oer te nimmen as it FEC fallyt giet. It Bûn fan Fryske Feehannelers wol dêr- foar in stichting oprjochtsje. Freed sille se dêroer in beslút nimme.
De tongblierkrisis hat de feemerk in protte jild koste. Sa wie er in hiel skoft ticht en moasten der djoere oanpassings komme. De provinsje jout mooglik in finansjele bydrage.