Ynfalide bejaarde hellet snoek
In ynwenner fan Wommels (81) is snein mei syn ynfalidekarke de sleat ynriden. Hy naam de bocht op de Suderhaven te rom. Omstanners hawwe him derúthelle. De man mankearde fierders neat.
By ynbraak yn in snackbar yn Jobbegea is in 19-jierrige jonge oanhâlden. Tsjûgen hiene him rinnen sjoen mei blikjes frisdrinken en de plysje warskôge.