Beslút sweeftrein moat dit jier

© Omrop Fryslân
De Noardelike Steatefraksjes fan it CDA fine dat it kabinet dit jier noch in beslút nimme moat oer de magneetsweefbaan. Oars duorret it fiersten te lang.
De CDA-steateleden fine dat der mear politike druk komme moat ten geunste fan de sweefbaan. Neffens it CDA kin de VVD en PvdA yn it Noarden de fraksjes yn de Twadde Keamer hjirby helpe.