Histoaryske winst Heerenveen

© Omrop Fryslân
Heerenveen hat sneon PSV ferslein mei dúdlike sifers: 4-1. De Feansters spilen de PSV'ers folslein fan de matte. Benammen by it benutten fan kânsen wie Heerenveen tige op dreef.
Foar Heerenveen skoarden Allbäck, Denneboom, Jensen en Nurmela. It wie in histoaryske winst, want yn njoggen eardere moetingen yn de earedivyzje wisten de Feansters net te winnen fan PSV.