DS wolle feemerk stypje

© Omrop Fryslân
Deputearre Steaten wolle de feemerk yn Ljouwert stypje mei 450.000 gûne as de gemeente Ljouwert likefolle jout. Fanwege de tongblierkrisis moast de merk ferskate oanpassings trochfiere en dat kostet jild.
De stipe is ek ornearre foar de jild-krapte trochdat de merk in skoft ticht wie. Provinsjale Steaten moatte noch oer de bydrage beslute.