Aquaverium is iepene

© Omrop Fryslân
It Aquaverium yn Grou is offisjeel iepene. It gebou, nei in ûntwerp fan Gunnar Daan, biedt romte oan alles wat mei wettersport te krijen hat. De bou hat 20 miljoen gûne koste. Der wienen wat oanrinproblemen mei brânfeilichheid.
Dochs soe it goed wêze dat de hal der is, fûnen de oanwêzigen by de iepening. Al sil de kommende resesje syn wjerslach ek yn de wettersport hawwe.