Unrêst oer brânalarm

© Omrop Fryslân
It brânalarm fan de Nije Nijhof yn Holwert hat by de bewenners foar grutte ûnrêst soarge. De falske alarmmeldingen fan de lêste twa moannen wienen lokkigernôch oer, mar de oarsaak dêrfan makke de bewenners noch mear kjel.
It alarm wie nammentlik foar in part útset. De ynstallateur hat ûnderwilens west om de saak te meitsjen. De eigner fan Nijhof fynt de drokte oerdreaun.