Fleanbasis sil oefenje
Personiel fan de fleanbasis Ljouwert oefenet fan 24 septimber oant 2 oktober yn de Marnewaard. It giet hjir om in oplieding fan guon militêren dy't fan de grûn ôf piloaten begeliede moatte.
Se moatte de piloaten fertelle wat de krekte lokaasje is fan doelen dy't se oanfalle moatte. Der wurdt op in hichte fan minimaal 75 meter flein.