Man oplicht mei 'babbeltrúk'

© Omrop Fryslân
In man (71) út Ljouwert is snein it slachtoffer wurden fan in babbeltrúk. Twa froulju bellen by syn hûs oan de Hazelaarstrjitte oan en wisten mei in smoeske deryn te kommen. Ien fan de twa hâlde de man oan de praat, wylst de oare bankpaskes wist te stellen.
Letter dy deis bellen se de man en wisten se mei in oare smoes syn pinkoade los te praten. Earne oars yn it lân is doe in grut bedrach fan de man syn rekken skreaun.