Aksje foar Ronald McDonald-hûs

© Omrop Fryslân
De McDonald's restaurants yn Fryslân komme yn aksje foar it Fryske Ronald McDonald-hûs. Fan alle Big Macs en Big Mac-menu's dy't ferkocht wurde op sneon 6 oktober, giet in ryksdaalder nei it Ronald McDonald-hûs.
It hûs wurdt boud by de berneklinyk fan it MCL yn Ljouwert. Yn it hûs kinne de âlden fan sike bern útfanhûzje, sadat de bern net allinnich binne.