Measte reinwetter al útwettere

20 sep 2001 - 00:00

It Woudagemaal by De Lemmer wurdt tongersdei om 18.00 oere útskeakele. It antike stoomgemaal waard tiisdei yn gebrûk nommen om it hege wetter fuort te krijen.

Oare gemalen binne ek ynset om út te wetterjen, lykas dy by Dokkumernijesilen, Harns en Starum. Yn ferliking mei ferline jier is der al folle mear wetter fallen; doe 75 en no 160 milimeter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)