Hearrenfean wint nei penalties

20 sep 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

SC Hearrenfean hat woansdeitejûn úteinlik fan Willem II wûn. Yn de reguliere tiid en de ferlinging koenen de teams net skoare. Mei strafskoppen wienen de Friezen sterker: 5-3 wie de útslach.

Yn de wedstriid wienen de Hearrenfeanspilers dominanter as de besikers. Mei de winst hat de ploech fan Foppe de Haan de twadde ronde fan de Amstel Cup berikt.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)