Fertochten sedesaak bliuwe fêst

© Omrop Fryslân
Ek de twa nijste fertochten yn de Ljouwerter sedesaak bliuwe noch tritich dagen fêstsitten. Ferline wike waard it foararrest fan de 52-jierrige haadfertochte en syn frou ferlingd.
De twa oare fertochten, in man fan 40 en in frou fan 39, komme ek noch net frij. Sy wurde fertocht fan seksueel misbrûk fan tsien bern yn de Seeheldebuert. De saak komt ynkoarten foar de rjochter.