Heger berop yn moardsaak

19 sep 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De straf dy't in Togolese asylsiker krigen hat foar de moard op in jonge út Sierra Leone is te leech. Dat fynt it iepenbier ministearje, dat yn heger berop giet.

Justysje hie njoggen jier sel easke. De Togolees krige lykwols twa jier en tbs. It slachtoffer waard yn maart 2000 ombrocht. Dieder en slachtoffer wennen yn ien hûs yn Damwâld.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)