Huodsjes op Prinsjesdag

18 sep 2001 - 00:00

De tredde tiisdei yn septimber is lykas altyd 'Prinsjesdag'. Yn Den Haach wie it in sobere dei yn ferbân mei de oanslaggen yn Amearika. De froulike ministers en steatssekretarissen hienen har wat de huodden oanbelanget ynhâlden.

Learlingen fan basisskoalle De Twamêster yn Wergea ha ekstra kreatyf west en har bêst dien om sels huodden te meitsjen, de iene noch útwrydsker as de oare.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)