Utwikseling Fryslân-Kasjûbië

© Omrop Fryslân
Op it Provinsjehûs is woansdei in partnerskipskontrakt sletten tusken 5 Fryske en 5 Kasjûbyske basisskoallen. De skoallen sille inoar stypje by 'it útbouwen fan eigen taal en identiteit'. De Kasjûben binne in minderheid yn Noard-Poalen.
Underwizers en learkrêften sille ek byinoar op besite. Sa sil de skoalle fan Nijemardum kontakt ûnderhâlde mei it doarp Borzestowo.