NLTO fertrout Brinkhorst net

18 sep 2001 - 00:00

Minder en ienfâldiger regels moatte der komme. Dat seit de NLTO yn in reaksje op de miljoenenota. Dêryn steane ûnder oare de plannen fan minister Brinkhorst.

Dy wol krekt mear regels om it wolwêzen fan it fee te befoarderjen. Neffens him is it net slim dat dy nije easken mear jild kostje en dat de konkurrinsjeposysje minder wurdt. Neffens de NLTO ha de boeren gjin betrouwen yn Brinkhorst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)