Eangst foar mislearre rispinge

17 sep 2001 - 00:00

Der bestiet grutte eangst ûnder de bouboeren foar in mislearre rispinge, no't it minne waar noch inkelde dagen oanhâlde sil. Boer Vogels fan Firdgum hat bygelyks noch mar in tredde fan syn ierappels binnen. Eins hat hy noch 14 dagen nedich om de rest fan it lân te heljen. Neffens waarman Pyt Paulusma is it allegear it gefolch fan it broeikaseffekt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)