Man krijt stien tsjin holle

© Omrop Fryslân
In man (72) út Drachten hat moandeitejûn in stien tsjin de holle krigen. De man hie flak dêr foar sjoen hoe't twa jonges op de Sportleane yn Drachten in paadwiisboerd omsmieten. Hy sei dêr wat fan en krige in grutte mûle. De man rûn troch, mar waard eefkes letter troch de twa jonges op de fyts ynhelle. Ien fan harren smiet him doe in stien tsjin de holle, wêtroch't de man licht ferwûne rekke.
De plysje freget minsken dy't wat sjoen ha oft se har melde wolle.