Twa deaden op A7

17 sep 2001 - 00:00

Op de A7 tusken It Hearrenfean en De Jouwer binne moandei in ynwenner fan 't Fean (38) en in bern (1) dearekke. In bern fan 5 jier kaam mei de skrik frij.

It ûngelok ûntstie om't de bestjoerder in file oer de holle sjoen hie. Syn auto botste achterop in frachtwein. Ferkear nei De Jouwer waard omlaat. Der wiene fertragings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)