Brân yn skeakelklasse
De ynternasjonele skeakelklasse oan 'e Van Haersmasingel yn Drachten is yn 'e nacht fan snein op moandei troffen troch brân. Nei alle gedachten is it oanstutsen, want it fjoer wie op twa plakken tagelyk. Boppedat is in doar fernield.
Fanwege de reek binne strjitten yn 'e buert ôfset. De brânwacht sette in heechwurker yn by it blussen.