Hearrenfean ferliest fan RKC

© Omrop Fryslân
Sportklub Hearrenfean hat snein ferlern fan RKC Waalwijk. Yn de 33e minút skoarde Marcus Allbäck foar Hearrenfean. Nei in oertreding fan Ronnie Venema mocht Rick Hoogendorp in penalty nimme, skoarde dêrmei en brocht de stân op 1-1.
Yn de blessueretiid wist Assouiki de stân op 2-1 te bringen. Hearrenfean hat dit seizoen noch net earder ferlern.