Koart plysjenijs

© Omrop Fryslân
Snein is tusken 10.15 en 11.20 oere in auto stellen yn Ljouwert. De auto stie parkeard op it Ruterskwartier. It giet om in grize Opel Kadett mei kenteken XZ-38-ZH. De 24-jierrige eigner út Sint Anne hat oanjefte dien.
In 29-jierrige Ljouwerter is snein om 03.45 oere oanhâlden op de Pasteurwei, omdat hy ûnder ynfloed yn in auto ride. Hy hat in proses-ferbaal krigen.