Plan útwreiding C1000 Drachten

© Omrop Fryslân
Der besteane plannen foar útwreiding fan de C1000 supermerk yn winkelsintrum De Wiken yn Drachten. Doel is om de winkel mei mear as de helte te fergrutsjen. De útwreiding soe plakfine moatte op it parkearterrein oan de achterside fan it winkelsintrum.
Dat terrein wurdt neffens de gemeente hast net brûkt foar it parkearen fan auto's. De útspraak komt op 9 oktober.