Geriatrysk sintrum Bennemastate?

© Omrop Fryslân
De direksje fan soarchsintrum Bennema State yn Hurdegaryp fynt it tige frustrearjend dat der noch gjin dúdlikheid is oer de komst fan in psychogeriatrysk sintrum. Bennema State wol graach 60 ferpleechbêden ha foar dizze groep minsken.
De provinsje fynt 60 bêden net nedich, omdat der al genôch ferpleechhûzen yn de omkriten fan Bennema State binne.