CNV oer wet op ûndernimmingsried

© Omrop Fryslân
Neffens CNV-foarsitter Terpstra moat de wet op de ûndernimmingsried op 'e helling. Hy sei dat freed op in sympoasium oer meisizzenskip op it CNV-kantoar yn Drachten.
De UR's binne neffens him ferâldere en hingje tefolle fan regeltsjes oan mekoar. Dêrtroch kinne se gjin ynfloed mear útoefenje op de beslútfoarming yn it bedriuw.