Hjerstmerke Burgum sneon hâlden

© Omrop Fryslân
De foarjiersmerke yn Burgum gong dit jier net troch fanwege de tongblier. Der mocht gjin fee ferfierd wurde en men fûn it better dat grutte eveneminten net troch gongen.
Sneon gong de merke wol troch, mar waard yngripend oanpast. Kij en skiep mochten net ferkocht wurde. Fanwege de fûgelpest jilde it ferkeapferbod ek foar hinnen, dowen en parkiten.