Nynke: 30.000 minsken yn in wike

14 sep 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De Fryske spylfilm Nynke hat yn 'e earste wike al 30.000 minsken lutsen. Neffens de produsint is dat in 'ongekend succes'. De film fan Pieter Verhoeff is op dit stuit nei Planet of the Apes en Pearl Harbour de op twa nei bêst besochte film fan Nederlân.

Nynke is op dit stuit al foar de twadde wike te sjen yn 40 bioskopen yn hiel Nederlân.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)