Primeur: earste proefkweldering
It sâlte wetter út de Waadsee kin tenei wer frij streame yn it bûtendyks gebiet noardwestlik fan Hallum. De dyk is freed op trije plakken trochstutsen yn it gebiet fan it Fryske Gea.
It giet om de earste proefkweldering yn Nederlân. It Fryske Gea hat mei elkoar 3300 bunder lân, dat yn de takomst ek ûnder wetter komt te stean.