Stilte foar Amearika
Rûnom yn Nederlân ha minsken om tolve oere trije minuten stil west foar de slachtoffers fan de oanslaggen yn Amearika. Premier Kok hat blommen lein by de Amerikaanske ambassade, yn selskip fan it folsleine kabinet en 5.000 besikers.
Ek yn Fryslân stie it iepenbiere libben stil. Yn guon tsjerken en gemeentehuzen lizze noch kondoleanseregisters.