Soad fraach nei flage

© Omrop Fryslân
By de Dokkumer Vlaggen Centrale hat tongersdei de tillefoan oan ien trie troch rattele. Nei it beslút om freed út te roppen ta (Europeeske) dei fan rou, belje bedriuwen, ynstellings en partikulieren massaal om in flage.
De fraach nei de Nederlânske flage is no tsien kear sa heech as oars. De flage fan Amearika kin de sintrale op dizze koarte termyn net leverje.