Gjin Fryske toeristen omkaam?

13 sep 2001 - 00:00

Oant no ta binne der gjin oanwizings dat der by de oanslaggen yn Amearika Fryske toeristen omkaam binne. Neffens reisburo Internoord binne der ûnder har klanten sels gjin minsken ferwûne.

De reisburo's wurde platbelle troch minsken dy't in reis boekt ha nei Amearika. As har reis net trochgiet krije se werombetelle. De KLM hopet freed wer fleane te kinnen nei Amearika.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)