Betelle fuotbal giet troch

13 sep 2001 - 00:00

It betelle fuotbal foar dit wykein giet troch. Dat hat de KNVB besletten. Neffens it bûn woene de measte clubs spylje. Heerenveen spilet dus snein yn Waalwyk tsjin RKC en Cambuur spilet freed thús tsjin Veendam.

By de fuotbalwedstriden sil alle franje fuortlitten wurde, fanwege de oanslaggen yn Amerika. Boppedat is der foar alle wedstriden ien minút stilte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)