Collegeliner makket ekstra stops

13 sep 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De Collegeliner fan Dokkum nei Ljouwert sil fan takom wike moandei ôf ekstra stops meitsje. It Friesland College oan it Skrok en Piter Jelles Montessori yn de wyk Westeinde wurde dêrmei direkt berikber. Learlingen út Bûtenpost en omkriten kinne no ek mei de Collegeliner mei.

Busbedriuw NoordNed makket de oanpaste tsjinstregeling mei folders bekend.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)