CDA wol Frysktalige Privé
De CDA-steatefraksje sjocht mear heil yn in Frysktalich rabbersblêd as yn in edukatyf tydskrift. Dat die woansdei bliken by de diskusje oer in nij Frysktalich blêd.
Nei it debakel fan FRSK moat der in nij tydskrift komme. Om it CDA sil it in 'Privé-achtige' opset krije. Mear Frysk yn 'e streekkranten is ek in mooglikheid it Frysk te promoten.