Kranten passe har oan

12 sep 2001 - 00:00

Lanlike en regionale deiblêden ha de dei nei de ramp yn de Feriene Steaten net-passende advertinsjes net yn de krante pleatst. By de grutte lanlike deiblêden gie it om 6 advertinsjes dy't ynhâldlik te krijen hienen mei de ramp.

Ek de aktiviteiten om telefoanysk nije abonnees te wervjen binne stillein. De advertinsjes wurde mooglik letter set.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)