Hûnderten skilje ynformaasjeline

© Omrop Fryslân
De spesjale Amearika-ynfoline 0800 - 1205 fan it Reade Krús en it ryk is sûnt tiisdei al tûzenen kearen belle. It telefoannûmer is iepene foar minsken dy't op syk binne nei famylje yn Amearika. It reade krús en it ryk hoopje sa sicht te krijen op mooglike Nederlânske slachtoffers.
Fierder wurdt besocht om minsken mei de famylje yn kontakt te bringen.