'Kalme' aksjes tsjin Brinkhorst

© Omrop Fryslân
It Aksjekomité 'Burgers steunen Boer en Dier' hat besletten om woansdei gjin demonstraasje te hâlden by de besite fan lânbou-minister Brinkhorst oan Dokkum. De Fryske aksjegroep 'Ent Europa' demonstreart wol, mar sil dat 'kalm' dwaan.
De besite fan Brinkhorst oan Dokkum en Grins giet troch ûnder tige strange feiligheidsmaatregels. De iisherberch waard trochsocht troch bomeksperts.