Panyk nei oanslaggen
Der is panyk útbrutsen yn Amearika nei't der trije oanslaggen west ha op oerheids gebouwen. Alle fleanfjilden yn Amearika binne sluten. Minsken sitte eangstich, mar ek lilk, thús en wachtsje de ûntwikkelingen ôf, sa meldt frou Bylsma út Philadelphia.
Der is op it stuit noch neat bekend oer it tal slachtoffers.