Nije keuken yn Menaam

© Omrop Fryslân
Maaltijdservice Friesland yn Menaam wol binnen 4 jier in nije keuken bouwe, mei Maartenswouden en Stichting Heechhout. De gearwurking mei de GGZ yn Frjentsjer is fan de baan. De keuken fan Menaam soe dêrhinne ferhúzje, mar it docht bliken dat de keuken yn Frjentsjer net geskikt is.
Takom wike wurdt in tydlik gebou by de keuken yn Menaam delset.