'Amtners moatte wer eed ôflizze'

© Omrop Fryslân
Amtners fan 'e provinsje Fryslân moatte tenei wer in eed ôflize. Deputearre Steaten stelle dat foar yn in notysje oer yntegriteit. 'Wy wolle sa mear omtinken freegje foar noarmen en wearden, want it skynt dat amtners hieltyd faker yn 'e fout geane', seit in wurdfierder.
De amtseed is net allinnich bedoeld foar nije meiwurkers, mar ek foar minsken dy't al by de provinsje wurkje.