Littenseradiel: spul mei Gemnet

10 sep 2001 - 00:00

De gemeente Littenseradiel hat spul oer har nije webside. Webbouwer Gemnet wegeret om de side twatalich te meitsjen, want dat soe te yngewikkeld wêze.

Boargemaster Liemburg fan Littenseradiel neamt dat argumint 'ûnsin' en krijt gelyk fan ynternet-saakkundigen. Neffens Liemburg is it gewoan dwersichheid fan Gemnet. It skeel docht har tinken oan de eardere kwestje mei Fryske plaknammen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)