Koart sportnijs
Yn de haadklasse C hat Sneek út by Quick '20 wûn mei 1-3. Jorrit Hessels makke twa goals foar de Snitsers. In ferrassende winst.
Yn de earste klasse hat FVC thús mei 2-2 gelyk spile tsjin WKE. Twa ferliespunten foar de Ljouwerters, want fan WKE waarden twa spilers it fjild út stjoerd. Ien fan de WKE-spilers bruts ek noch in skonk.