Tongblier oerwaaid út Afrika?

09 sep 2001 - 00:00

Neffens wittenskippers is it tongblierfirus yn Grut-Brittanje mooglik oerwaaien kaam út Afrika wei. In besmette stof- en sânwolk út de Sahara soe it eilân yn febrewaris berikt hawwe. Dat melde Britse media snein.

Satellytbylden jouwe oan dat der op 13 febrewaris in stofwolk by Britanje oankaam is. In wike letter bruts dêr tongblier út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)