Fryslân fertsjinnet it minste

© Omrop Fryslân
Fryslân is noch altiten de provinsje mei de leechste ynkommens yn Nederlân. Dat blykt út in ûndersyk fan wykblêd Elsevier.
Yn de top tsien fan gemeenten mei de leechste ynkommens steane seis Fryske: Kollumerlân, Dantumadiel, Nijefurd, Harns, Achtkarspelen en Dongeradiel. De ynkommens lizze dêr tusken de 30.000 en 32.000 yn it jier.